Gemser jout les Special Olympics

© Omrop Fryslân
Tiisdei joech Henk Gemser yn Thialf op It Hearrenfean in lêste unike training oan in achtkoppige reedridersploech. De ploech sil oan de ein fan dizze moanne ôfreizgje nei Alaska foar de Special Olympics World Winter Games.
Mear as 2000 ferstanlik handikapten komme yn Alaska gear om te striden foar in gouden medalje. Mear as 80 lannen dogge mei oan dizze Special Olympics.