'Basisûnderwiis moat meartalich'

© Omrop Fryslân
It basisûnderwiis yn Europa moat yn 'e takomst safolle mooglik meartalich wurde. Dat sei Eurokommissaris Reding moandei yn Sweden by de iepening fan it Europeesk Jier fan 'e Talen.
Reding neamde Lúksemboarch as foarbyld. Alle bern binne dêr 3-talich at se 9 jier âld binne. Fryslân hat sân 3-talige skoallen. De measte Europeanen soene foar meartalich ûnderwiis wêze.