Fermiste Ljouwerter ferdronken

20 feb 2001 - 17:41

De 50-jierrige fermiste Homme Douma út Ljouwert is ferdronken. Syn lichem is moandei fûn by de Beursbrêge yn 'e Fryske haadstêd. De plysje tinkt net dat in misdriuw yn it spul is. De deadsoarsaak wurdt noch ûndersocht.

By de berging fan it lichem misledige in 22-jierrige Ljouwerter in plysjefrou. Hy woe by in ôfsetting gewoan trochtrochrinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)