FLMD earet Rink van der Velde

© Omrop Fryslân
It FLMD earet Rink van der Velde mei in útstalling yn 'e hal fan it museum. De bekendste Fryske skriuwer ferstoar sneon yn 'e âldens fan 68 jier. Yn 'e hal fan museum leit in kondoleansjeregister.
Rink van der Velde wurdt te hôf brocht yn it terpdoarpke Wetsens eefkes bynoarden Dokkum. Dat sil barre yn famyljerûnte. Sadwaande wurdt net bekendmakke op hokker dei dat is.