Plysje pakt fertochten op

20 feb 2001 - 14:35

Mei njoggen ynfallen op ferskate plakken yn 'e provinsje hat de plysje moandei in kriminele organisaasje oprôle. Fjouwer manlju binne oanhâlden. It giet om in man út Suwâld, in man út Ryptsjerk en twa manlju út Drachten.

De fertochten hâlden har dwaande mei de stellerij fan boumaterialen. De totale wearde fan it stellen guod rint yn 'e hûnderttûzenen gûnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)