Verstand op wurkbesite 'Te Plak'

20 feb 2001 - 10:21

Steatssekretaris Verstand fan Emansipaasje brocht moandei in wurkbesite oan Fryslân. Se wie ûnder oaren by it projekt 'Te Plak', in servicesintrum foar tsjinsten yn en om it hûs.

It projekt mei fêstigings yn Stynsgea, Warkum, Lekkum en Weidum hat súkses. De fraach nei de tsjinsten is no al grutter as it oanbod. It wachtsjen is noch op in Europeeske subsydzje fan seis ton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)