Komplisearre ûngelok op A7

19 feb 2001 - 15:12

Twa Friezen wiene sneon belutsen by in auto-ûngelok op de A7. By it Grinslanner Mearum ried in Ljouwerter (32) achterop in ynwenner fan Drachten (58).

De auto fan de Ljouwerter draaide 180 graden en waar dêrnei oanriden troch in bestjoerder út Ouddorp. Dy man rekke ferwûne. De auto fan de Ljouwerter kaam yn de sleat telâne. Wûnder boppe wûnder kaam de bestjoerder mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)