Grou hellet Sint Piter yn

18 feb 2001 - 16:50

Yn Grou is sneon Sint Piter ynhelle. Op de kade hiet boargemaster Dykstra 'de broer fan Sinteklaas' wolkom. Dêrnei wie der in aubade fan it muzykkorps en in rit troch it doarp.

Sint Piter bliuwt oant en mei syn jierdei, 21 febrewaris. Yn 's Lands Welvaren wurdt de kommende wiken it mearke De Heideheks opfierd. It is de 51e kear dat in Sint Pitermearke opfierd wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)