De Kavels hast fol, Megapark net

© Omrop Fryslân
Minister Jorritsma hat sneon op It Hearrenfean in nij distribúsjesintrum fan transportbedriuw Broersma iepene. Yn de festiging wurkje 65 minsken, mar dat moatte mear wurde neffens plan. Dan sil it gebou ek útwreidzje.
Broersma is festige op bedriuweterrein De Kavels dat hast fol is. Dat kin net sein wurde fan it gruttere Megapark. SCI is dêr oant no ta de iennige klant.