SCI krijt part subsydzje net
Kompjûterbedriuw SCI sjit der noch folle mear jild by yn as de goed trije miljoen gûne dy't it bedriuw werom betelje moat.
Neffens it FinancieelDagblad krijt SCI in part fan de miljoenesubsydzje dy't tasein wie, net. It giet om hast 16 miljoen gûne. SCI krijt it jild net omdat se der neffens de Europeeske wetjouwing gjin rjocht op hat.