Jonkje stikt yn sânbak

17 feb 2001 - 13:55

Yn Mûnein is tongersdei in jonkje fan njoggen jier stikt yn it sân. It bern hie in gat fan sa'n 80 sintimeter djip groeven yn de sânbak fan basisskoalle 't Kruirêd. Hy is yn it gat krûpt en nei alle gedachten binne de wanden doe ynstoart.

Doe't de jonge net thúskaam om iten, begûn syn mem te sykjen. Sy fûn it bern yn de sânbak. Hy wie doe al ferstoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)