Rêstige ôftocht Feyenoordfans
De plysje fan it Hearrenfean hat woansdei amper problemen hân mei supporters nei it ôfbrutsen duel HearrenfeanFeyenoord. Twa Rotterdammers waarden oppakt foar iepenbiere geweldpleging. Nei ferhoar binne se wer frijlitten.
Fanwege de mist lei skiedsrjochter Bossen de wedstriid nei 23 minuten stil. It stie doe 0-0. It duel wurdt 14 maart oerspile.