Hartkamp bewûnderet 'firusman'

© Omrop Fryslân
De betinker fan it Koernikova-firus mei om boargemaster Hartkamp fan Snits wol oan it wurk op it gemeentehûs. Dat sei de earste boarger tongersdei foar Omrop Fryslân Radio.
De 20-jierrige Snitser hat himsels by de plysje oanjûn doe't er trochhie hoefolle skea it firus oanrjochte. Hartkamp hat bewûndering foar syn ynventiviteit. Der stiet maksimaal fjouwer jier sel foar.