Frisia moat skea betelje

© Omrop Fryslân
Wetterskip De Waadkant yn Stiens hopet gau mei Frisia Sâlt yn Harns ta ôfspraken oer in skeafergoeding te kommen. De boaiem sakket as gefolch fan 'e sâltwinning. It wetterskip hat in plan betocht om de skea yn it gebiet te beheinen.
De kosten fan it herstelplan wurde rûsd op 5 miljoen gûne. De rekken wurdt nei Frisia stjoerd. Mei de nije fabrykseigner folget in petear oer de regeling.