Selstraf easke tsjin advokaat
Tsjin in 52-jierrige letselskea-advokaat is 2,5 jier selstraf easke. De man út Ljouwert hie oer in perioade fan tsien jier jild achterhâlden, dat foar syn kliïnten bedoeld wie. It giet om in bedrach fan likernôch acht ton.
De man is ûnderwilens út syn funksje set en fallyt ferklearre. De rjochtbank docht oer tsien dagen útspraak.