Friezen by wetterbesluten belûke

13 feb 2001 - 12:17

De Friezen moatte by de wetterproblemen yn 'e provinsje belutsen wurde. Dat sei minister Jorritsma by de iepening fan de útstalling Visions on Water yn Wâldsein.

Neffens de minister is it belangryk om de ynwenners fan 'e provinsje by de besluten te beheljen sadat se troch de mienskip droegen wurde. In grut part fan Fryslân leit ûnder de seespegel en wetterhúshâlding wurdt almar belangriker.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)