Bân Smellingerlân en Gobabis

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân ferlingt it projekt mei de gemeente Gobabis yn Namibië. Earder wienen der al kontakten oer en wer oangeande gearwurking op it mêd fan ûntwikkeling.
Troch swierrichheden liet de Fryske gemeente yn him omgean de freonskipsbân op te sizzen. It betrouwen is lykwols hersteld. Boargemaster Van der Zaag reizget meikoarten nei Afrika ta.