Bosk moat mear bisten lûke

© Omrop Fryslân
It kappen fan bosk yn Bakkefean moat liede ta mear floara en fauna. Natuermonuminten is moandei út ein set mei it kappen fan in stik produksjebosk.
De organisaasje hat de bosk oankocht om dêr streekeigene soarten as ike- en bûkebeammen te plantsjen. Doel is dat de kapte beammen lizzen bliuwe, om sa mear ynsekten en fûgels oan te lûken. De oanwaaks sil sa'n 50 jier duorje.