Lestige kafeeklant oppakt

© Omrop Fryslân
In 38-jierrige ynwenner fan Aldeholtpea is sneontenacht oanholden yn in kafee foar bedriging, mishanneling en lokaalfredebreuk. Hy bedrige in man út Wolvegea mei in stikken colaglês. De Aldeholtpeaster wûn him op oer in kaartspul.
De plysje kaam mei in plysjehûn, mar dy biet by fersin in plysjeman yn 'e earm. Letter fernielde de man it ynterieur fan de plysje-auto en misledige de plysje.