Boeren wurch fan regels
It projekt natuerfreonlike wâlskanten yn Gasterlân is gjin sukses. Yn it gearwurkingsprojekt besykje boeren ekstra wetterbergings te meitsjen troch de wâlkanten oars yn te rjochtsjen. Boeren krije dêr subsydzje foar.
It projekt komt net fan 'e grûn omdat de boeren wurch binne fan alle projekten en regeljouwing. Dat seit Breimer fan natuerorganisaasje Bosk en Greide.