FNP net de lanlike polityk yn

11 feb 2001 - 18:00

De Frysk Nasjonale Partij docht net mei oan de Twadde Keamerferkiezings. Op de bûtengewoane ledegearkomste stimden freedtejûn 44 leden tsjin en 39 leden foar it útstel fan it haadbestjoer.

Foarsitter Everts wie teloarsteld oer de útslach. It haadbestjoer sil him beriede op de takomst en mooglike konsekwinsjes fan it beslút om yn prinsipe net oan de lanlike polityk mei te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)