Seis nominaasjes Liuweprint

© Omrop Fryslân
Seis Fryske boeken binne nominearre foar de Liuwe- en Welpeprint 2000. It giet om bêst fersoarge oarspronklik Fryske útjeften. Der sitte dichtbondels en berneboeken by fan ferskate útjouwerijen.
Stichting It Fryske Boek stelt de prizen beskikber. Yn it radioprogram De Koperen Tún (22-02) wurdt de útslach bekend makke. De sjuery sjocht nei omslach, yllustraasjes, papier, blêdspegel en bân.