60-kilometesône yn Smellingerlân

10 feb 2001 - 18:15

Smellingerlân wol in 60 kilometersône ynstelle yn it noardwesten fan de gemeente. Dat is it gebiet fan de doarpen De Tike, Aldegea, Nyegea en De Pein.

It kolleezje stelt oan de gemeenteried út om fan alle diken 60 kilometer wegen te meitsjen. Doel is om de oerlêst fan trochgeand ferkear foar te kommen. De provinsje stipet it plan fan de gemeente mei goed trije ton subsydzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)