Fallisemint It Wiid útsprutsen

© Omrop Fryslân
Bungalowpark It Wiid yn Earnewâld is op 'e fles. De rjochtbank hat woansdei it fallissemint útsprutsen. De 134 húskeeigners hiene it oanfrege.
Oarsaak fan it bankrot is minne bedriuwsfiering. It park giet lykwols net ticht, sa seit in wurdfierder fan de feriening fan hûseigners. De besitters stean garant foar de leanen fan it personiel.