Polityk kart útspraak Bijman ôf
Deputearre Bijman is te fier gien mei de útspraak dat lânbouminister Brinkhorst 'in loopjonge fan Europa' is. Dat fynt de VVD-fraksje yn Provinsjale Steaten. Ek D66 en PvdA fine dat Bijman syn wurden der fier by troch binne.
Minister Brinkhorst is sels net bot ûnder de yndruk fan Bijman syn krityk. Hy neamt it 'ûnsin' en fynt dat Bijman net goed ynformearre is.