Facelift Sonnemagebou Dokkum

© Omrop Fryslân
De âld-Beerenburchstokerij fan Sonnema yn Dokkum wurdt opknapt. De gemeente Dongeradiel stelt dêrfoar 10.000 gûne beskikber. De eigner - in partikulier moat noch 35.000 gûne bypasse.
De stokerij ferget in protte ûnderhâld en der binne al maatregels nommen om ynstoarten foar te kommen. It gebou út 1860 is gjin Ryksmonumint, mar wol karakteristyk foar Dokkum.