'Feiling boukavels is ûnearlik'

08 feb 2001 - 12:04

De feiling fan bouterreinen yn Achtkarspelen is net goed fallen by de mearderheid fan de gemeenteried. Tenei sille alle kavels wer ferlotte wurde, om't dat earliker is.

By wize fan proef binne fjouwer eksklusive boulokaasjes yn Stynsgea en Surhústerfean oan de heechste bieder ferkocht. De ried oardielde dat elke boarger tenei gelikense kânsen ha moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)