Fisker wol werom yn Waadbestjoer
Ald-bestjoerslid Van den Berg easket syn plak yn it bestjoer fan de Waadferiening werom. Woansdei hat dêroer in koart pleit tsjinne.
Van den Berg, Sieusk mokselfisker, waard út syn ambt set as bestjoerslid, om't er de belangen fan de Waadferiening net goed behertigje soe. Neffens de feriening tsjinnet er tefolle de belangen fan mokselfiskers.