COA mist útspraak lokaasje azc

© Omrop Fryslân
De bemiddelers yn de Kollumer asylsikerskwestje hiene har útsprekke moatten oer in gaadlike lokaasje foar in azc. Dat seit regio-koördinator Anneke Haarsma fan it COA as reaksje op it advys fan bemiddelers Te Loo en Wierstra.
It advys hâldt yn dat yn Kollum draachflak is foar in azc mei 250 bewenners. It COA hâldt noch hieltyd fêst oan in ûndergrins fan 400 asylsikers.