Thúsbefallings earst fan 'e baan

© Omrop Fryslân
Boarnsterhim sjocht foarearst gjin mooglikheden om de thúsbefallings yn Grou en omkriten yn stân te hâlden. Koartlyn waard bekend dat de beide húsdokters yn Grou ophâlde mei de thúsbefallings. Dy moatte no yn it sikehûs plakfine.
Ut in petear fan wethâlder Bijlsma mei de beide dokters docht bliken dat it gebiet te lyts is foar in ferloskundige.