Bern stinne oer CITO-toets

07 feb 2001 - 10:20

Op mear as de helte fan de Fryske basisskoallen binne bern fan groep acht tiisdei begûn mei de CITO-toets. It earste part bestie út ynformaasjeferwurking en taal en rekkenjen. Woansdei en freed wurde de oare ûnderdielen ôfnommen.

De 284 skoallen ferwachtsje de útslaggen fan de CITO-toets 1 maart. Mei de resultaten kinne ûnderwizers âlden advys jaan oer it ferfolchûnderwiis foar har bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)