Opfang útprosedearre asylsikers

© Omrop Fryslân
De tsjerken yn Dokkum wolle útprosedearre asylsikers dy't op strjitte komme te stean opfange. Dêrmei rinne se foarút op de nije frjemdlingewet. Dy wet giet 1 april yn en hâldt yn dat asylsikers dy't gjin status krije, út it azc set wurde.
De Ried fan Tsjerken protestearret tsjin de wet. De tsjerken komme mei de opfang om foar te kommen dat asylsikers yn 'e yllegaliteit of kriminaliteit komme.