Parool-poll: skras stúdzje Frysk

© Omrop Fryslân
Fan 'e lêzers fan 'e Amsterdamske krante 'Het Parool' mei de stúdzje Frysk oan de Universiteit fan Amsterdam wol ferdwine. Twatredde fan 'e dielnimmers oan de ynternetpoll fan 'e krante fynt dat de stúdzje Frysk wol opdoekt wurde kin.
Ientredde fan 'e Amsterdammers fynt dat de stúdzje bliuwe moat. It kolleezje fan bestjoer fan 'e Universiteit nimt meikoarten in beslút oer de stúdzje Frysk.