Skylgers betwinge Kilimanjaro

06 feb 2001 - 16:42

In ploech berchbeklimmers fan Skylge hat tiisdei de top fan 'e Kilimanjaro berikt. Dy leit op 5895 meter hichte. Snie, iis en in temperatuer fan -15 graden makken de beklimming net maklik.

De acht hawwe lêst fan befriezings oan teannen en eagen. Mar fierders binne se sûn. Takom tongersdei wurdt de ploech weromferwachte op Skylge. De heechste berch fan Afrika leit yn Tanzania.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)