'Gjin fjoerwurk Kollumerwaard'
De Waadferiening is der poer op tsjin om fjoerwurkbedriuwen yn de Kollumerwaard in plak te jaan. Dêr is sprake fan, no't minister Pronk besletten hat dat sokke bedriuwen 800 meter fan bebouwing ôfstean moatte.
Yn de Kollumerwaard stiet de fabryk fan Muiden Chemie al tiden leech. Neffens guon in ideale lokaasje foar fjoerwurk. It gebiet is lykwols in natuergebiet.