Generaal pardon foar letkommers

05 feb 2001 - 15:46

In soad skoallen yn Fryslân hawwe moandei in 'generaal pardon' ôfkundige foar letkommers. Sa mochten op it Comenius College yn Ljouwert de learlingen de earste healoere nei de klasse rinne sûnder harren te melden.

Guon learlingen melden har ôf om't de bus net ried. Oaren foelen mei de fyts en moasten nei hûs om droege klean. Op de diken stiet in laach teiwetter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)