Nij baanrekord op 1000 meter

04 feb 2001 - 17:34

Erben Wennemars hat snein yn Thialf de twadde 1000 meter fan de Wrâldbekerwedstriden wûn. Hy kaam yn 1:10:06 oer de streep en ferbettere dêrmei it âlde baanrekord fan de Noar Adne Söndral.

Monique Garbrecht wûn snein de twadde 1000 meter by de froulju. De Dútske wrâldkampioene sprint einige yn in tiid fan 1:16:38. Dêrmei bleau se de winner fan sneon, de Kanadeeske Lemay, foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)