Fragen oer Fryske tsjerketsjinst

© Omrop Fryslân
De Steatefraksje fan it CDA en de Christenunie (GPV, RPF en SGP) wolle in petear mei de direksje fan Omrop Fryslân. Underwerp is it ferdwinen fan 'e moanlikse Fryske tsjerketsjinsten op 'e radio.
De partijen sizze 'ferûntrêste sinjalen' fan de politike achterban te krijen. De omrop skrast net de tsjinsten op tsjerklike heechtijdagen, lykas Peaske.