Mear jild foar berikberheid

03 feb 2001 - 19:02

Noard-Nederlân moat hûndert miljoen gûne per jier ekstra fan it ryk krije. Dat jild is neffens de deputearren fan Drinte, Grinslân en Fryslân nedich om it noarden better berikber te meitsjen.

Mei dy fraach reagearren de politisy op it ryksplan foar ferkear en ferfier. Yn Fryslân moat ûnder oare de heak om Ljouwert der komme en moat it ferkearsplein by De Jouwer oanpakt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)