Parody op parody

© Omrop Fryslân
De Kast hat him by it oardiel fan de rjochter dellein en besiket fan it nûmer Jelle no sels ek mar in grapke te te meitsjen. Sjonger Syb hat mei dj Edwin Evers in parody makke op 'Jelle'.
Freedtemoarn stjoerde Radio 538 de parody út. Yn it nûmer komme ek de stimmen foar fan Peter R. de Vries, de twilling De Boer en prins Bernhard. It komt net op single út.