Jeugdhonk Ie sletten

02 feb 2001 - 17:54

It jeugdhonk op 'e souder fan it doarpshûs yn Ie is sletten. Dat is in gefolch fan fernielingen troch de jongeren. It bestjoer fan it doarpshûs stiet achter de beslissing, ek al hinget de jeugd no wer op strjitte om.

Mei de brânfeiligens wie ek net alles yn oarder. Der leit in brief fan de gemeente mei in twangsom fan 1000 gûne deis, salang as der neat ferbetteret.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)