'Mear omtinken Westergosône'

© Omrop Fryslân
De Westergo-sône moat him better profilearje. Dat fynt de wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW en de Keamer fan Keaphannel.
Neffens de organisaasjes sit de ûntjouwing fan de sône, de as LjouwertHarns, wat yn it slop en moat it gebiet positiver yn it nijs komme. Earste stap is in nije federaasje foar de ûndernimmers yn it gebiet.