'Minimumstandert lytse talen'
Der moat op Europeesk nivo in minimumstandert komme foar ynstellings dy't de posysje fan minderheidstalen yn Europa ferstevigje. Dat sei deputearre Mulder tongersdei by in Europeeske konferinsje oer minderheidstalen yn Dublin.
De konferinsje wurdt hâlden om te praten oer de posysje fan minderheidstalen. Alle oerheden dy't útnoege binne, wolle har dêr sterk foar meitsje.