Jan de Jonge nei Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Jan de Jonge komt yngeande 1 july dit jier yn tsjinst by SC Hearrenfean as assistint-trener. De Jonge is op dit stuit noch trener fan Emmen. Hy tekene in 2-jierrich kontrakt by de Feansters.
Behalve helpe by de trenings fan alle teams, sil De Jonge ekstra omtinken jaan oan de jeugd. De Jonge wie al earder yn tsjinst by Hearrenfean. Fan 1984 oant 1989 wie er aktyf as spiler.