Warskôging foar XTC-gebrûk

© Omrop Fryslân
De Kuno van Dijk-stichting, de eardere ferslavingssoarch, wol de jongerein warskôgje foar it gebrûk fan XTCpillen. Jongerein moat opsocht wurde yn kroegen en op strjitte om harren te wizen op de gefaren fan pillegebrûk.
Mei dat idee reagearret de ferslavingssoarch op it ûndersyk fan Smellingerlân dat it brûken fan pillen troch jongeren hieltyd tanimt.