Van Eijden wol poppe yn gefang

31 jan 2001 - 15:18

Angelique van Eijden wol har poppe yn de finzenis grutbringe. Dat sei se tsjin de advokaten. Der wurdt útsocht oft dat mooglik is. De ta acht jier feroardiele Van Eijden is oerbrocht nei it Hûs fan Bewar yn Swol.

Neffens justysje is de kâns frij lyts dat mem en dochter by elkoar bliuwe kinne yn it gefang. Mooglik kin dat wol as Van Eijden yn in frouljusfinzenis komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)