Nijbouplan Drylts net nei it sin

© Omrop Fryslân
De nijbouplannen op it fabryksterrein fan Nooitgedagt yn Drylts binne de feriening fan it beskerme stedsoansicht net nei it sin. Neffens har klopje se net mei it bestimmingsplan.
De feroaringen bliuwe neffens de wethâlder fan de gemeente Wymbritseradiel beheind. Monumintesoarch hat de nijbouplannen al goedkard. De provinsje nimt der oer in moanne in beslút oer.