Jildlike stipe foar IT-brânzje

© Omrop Fryslân
Newion Investment is in nije partisipaasjeûndernimming op It Hearrenfean. It bedriuw stipet IT-bedriuwen mei kapitaal. Der is in fûns fan sa'n 60 miljoen gûne beskikber.
It bedriuw hat op it stuit 16 bedriuwen yn portefeuille. De Friesland Bank, de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij en Van Lanschot Bankiers binne oandielhâlders fan it nije bedriuw.