Fakbûn beskuldiget It Wiid

© Omrop Fryslân
Bungalowpark It Wiid yn Earnewâld hat twa jier lang gjin pensioenpreemje ôfdroegen. En dat wylst de bedraggen wol ynhâlden binne op de salarissen fan de wurknimmers. Dy beskuldiging komt fan it CNV Hoarekabûn.
Neffens it CNV hat de direksje fan It Wiid it personiel dêrmei bestellen. Werombetelling moat sagau mooglik want It Wiid is hast fallyt, seit it CNV.