Minne steat Wâldwei bliuwt
De minne steat fan de Wâldwei tusken Ljouwert en Drachten is foar Rykswettersteat in oanhâldende soarch. Nei de froast fan de ôfrûne wiken hat de dyk benammen tusken Nyegea en de Fonejachtbrêge in protte skea oprûn.
It is de bedoeling dat de wei yn de takomst ferdûbele wurdt. Oant it sa fier is, is it foar Rykswettersteat saak om de dyk tydlik op te laapjen.